Filmpriis Rense Westra wurdt tenei op filmfestival útrikt

Rense Westra © ANP
De filmpriis dy't neamd is nei de ferstoarne Fryske akteur Rense Westra wurdt tenei útrikt op in filmfestival yn Hilversum. De priis waard yn 2015 yn it libben roppen, op inisjatyf fan regisseur Steven de Jong. Dy hat in soad mei Westra wurke.
De priis giet nei in akteur of aktrise, dy't in soad betsjutten hat foar de Nederlânske filmwrâld. De Jong tinkt dat de priis hiel goed by it festival past. Dat rjochtet him op begjinnende akteurs. Neffens De Jong wurdt mei de priis in ferbining makke tusken har en al renomearre akteurs.