Polo Riis op likense hichte mei Palm Beach en Buenos Aires

It polofjild yn Riis krijt tiisdei in offisjele status fan Stichting Polo Nederlân. It wedstriidfjild komt dêrmei neffens de organisaasje yn itselde rychje as Palm Beach en Buenos Aires. Der wurdt hurd wurke oan it oprjochtsjen fan de Polo Klup Noard-Nederlân. Dy wol kommend jier Argentynske topspilers nei Riis helje.
Ofrûne jier septimber waard foar it earst in grut toernoai hâlden op Landgoed Rijs. Dy wedstriid luts sa'n 4000 taskôgers. Dat wie genôch om Riis op te nimmen op de kalinder fan de Dutch Polo Tour.