Mear belangstelling foar frije boukavels

De ferkeap fan frije boukavels yn de gruttere plakken fan Fryslân rint goed. Benammen yn de Súdlannen, Wiarda en Blitsaerd by Ljouwert, Houkepoort en Harinxmalân by Snits en Skoatterwâld by It Hearrenfean is der ferlet fan frije boukavels, kavels dêr't je sels in eigen hûs op sette litte kinne.
Makelers fernimme dat der faker lotte wurde moat om de kavels te ferdielen. Sa binne der faak twa kear safolle belangstellenden as dat der kavels binne. Dat hat de ôfrûne jierren wol oars west, seit Simone Hoekstra fan Makelerij Friesland.
Hoekstra makket ek wol mei dat minsken ynskriuwe op in boukavel sûnder dat se dêr de betingst oan ferbine dat se earst har eigen hûs ferkeapje wolle. De ôfrûne jierren kaam dat hast net foar. It jout oan dat der folle mear betrouwen is yn de merk. Foar frije boukavels by doarpen is neffens Hoekstra minder belangstelling.