Plan foar sinnepark op Skylge

© ANP
Skylge wol in sinnepark oanlizze op it parkearplak yn de Werkhaven. Dêr is romte foar sa'n 1860 sinnepanielen. Yn it ferline wie de gemeente weromhâldend mei it ferlienen fan fergunnings foar de oanlis fan sinneparken. Foaral omdat de Skylgers fine dat in park net ten koste gean mei fan lânbougrûn en ek net de hoarizon fersmoargje mei.
Ien fan de alternative plannen wie om dan mar in parkearplak te brûken. It sinnepark kin neffens wethâlder Hendrik Klaas van der Wielen geweldich helpe om it eilân yn 2020 enerzjyneutraal te krijen.