Man út Emmeloard oanhâlden op Ruterskertier

De Ljouwerter plysje moast wer yngripe op it Ruterskertier © Omrop Fryslân
De Ljouwerter plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in man út Emmeloard oanhâlden op it Ruterskertier. De man wie dêr út in horekasaak set, omdat er 'ferfelend' wie. Bûtendoar makke de man him skuldich oan it 'fersteuren fan de iepenbiere oarder' en waard dêrom oanhâlden troch de plysje.
De man wie neffens de plysje aardich oer syn teewetter hinne. De man mocht yn de plysjesel syn rûs útsliepe en waard oanslutend wer fuortstjoerd.