Drankrider rydt slingerjend efterút yn Ljouwert
In 19-jierrige drankrider út Grinslân is sneintenacht oppakt yn Ljouwert. Plysjes seagen de man slingerjend efterútriden op de Willemskade. Nei in blaastest die bliken dat de jongeman tefolle alkohol dronken hie.
Hy moast syn rydbewiis ynleverje en moat ynkoarten in kursus oer alkohol yn it ferkear folgje.