Snitser follybalfroulju winne mei glâns fan Zwolle
De froulju fan follybalklup VC Snits hawwe sneontejûn mei oermacht wûn fan Regio Zwolle. Yn de thúshal waard it 3-0 foar de Snitsers. Al yn de earste set waard dúdlik dat Zwolle net folle yn te bringen hie tsjin de ploech fan Petra Groenland. De gasten waarden mei 25-10 fan de flier fage. Ek de twadde set gong mei in flink punteferskil nei de Snitser froulju: 25-16. De tredde en lêste set wie dochs noch even spannend en foaral oan 'e ein hie Snits it dreech om op foarsprong te bliuwen. Dochs kamen se mei 25-23 as sterksten út de bus.
Takom wike slute de froulju fan Snits de reguliere kompetysje ôf mei de útwedstriid tsjin de nûmer lêst Oskam Taurus. De wike dêrnei wurdt yn Zwolle de bekerfinale tsjin Sliedrecht Sport spile. Dêrnei folgje de play-off wedstriden fan de kompetysje.