Sulveren medaljes foar shorttracksters Schulting en De Vries

Suzanne Schulting © www.fotopersburomartindejong.nl
Shorttracksters Suzanne Schulting fan De Tynje en Rianne de Vries fan Akkrum hawwe sneontemiddei beiden in sulveren medalje wûn by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Dresden. Schulting pakte de medalje op de 1000 meter, it is har fyfde wrâldbekermedalje fan dit seizoen. De Vries waard twadde op de 1500 meter en pakte dêrmei har earste yndividuele medalje by in wrâldbekerwedstriid.
Tsjinoer de goede prestaasjes fan de froulju stiene de matige resultaten fan de manlju. Net ien helle in plakje yn de yndividuele finales. Sjinkie Knegt fan Bantegea waard diskwalifisearre op de 1000 meter. Dennis Visser fan De Lemmer waard tredde yn de B-finale op deselde ôfstân. Op de 1500 meter kaam Daan Breeuwsma út Akkrum net fierder as it sechde plak yn de B-finale.