Sjinkie Knegt diskwalifisearre op 1000 meter

Sjinkie Knegt © ANP
Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is sneontemiddei by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Dresden op de 1000 meter net fierder kaam as de kwartfinales. Hy kaam as earste oer de streek, mar waard diskwalifisearre omdat er de Súd-Koreaan Hwang Dae-Heon hindere hie. Dennis Visser fan De Lemmer gong wol troch nei de heale finale en waard úteinlik tredde yn de B-finale.