Botsing op krusing, ien ferwûne en ferkearsljocht skansearre

Soad skea by in ûngelok by Tytsjerk © De Vries Media
By in botsing op de krusing fan de Westerdyk en de Ryksstrjitwei by Tytsjerk is freedtejûn in frou ferwûne rekke. In auto botste op in pickuptruck en kaam dêrby tsjin in ferkearsljocht ta stilstân. Beide auto's en it ferkearsljocht rûnen grutte skea op. It is noch ûndúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe.