Listlûkers yn debat by noardlike omroppen

© Omrop Fryslân
Hiel Nederlân mei op 15 maart wer nei de stimbus. Yn de oanrin nei de ferkiezings komt Omrop Fryslân mei de ferkiezingsrige De Stim fan, it Noordelijk Lijsttrekkersdebat en spesjale útstjoeringen fan it radioprogramma Buro de Vries.
Noordelijk Lijsttrekkersdebat
It Noordelijk Lijsttrekkersdebat is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Hast alle grutte lanlike partijen dogge mei oan it debat yn Grins. De presintaasje leit yn hannen fan Ferry Mingelen, Remy van Mannekes fan RTV Noord en Eric Ennema fan Omrop Fryslân. It debat wurdt op telefyzje útstjoerd op woansdei 8 febrewaris fan 14.30 oere ôf.
De Stim fan
Yn De Stim fan sille ferslachjouwers op 'en paad om de mieningen fan de Friezen te peilen. Wat fine sy fan wat der allegearre bart yn Nederlân? Fan 8 febrewaris ôf te folgjen op de radio yn it programma Fryslân fan 'e moarn, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en op Omropfryslan.nl/ferkiezings.
Buro de Vries
It programma Buro de Vries hat spesjaal omtinken foar de ferkiezingen mei in debat tusken Fryske kandidaat-Keamerleden. Under oaren Jacques Monasch (Nieuwe Wegen), Jan Dijkgraaf (GeenPeil), Harry van der Molen (CDA) en Max Aardema (PVV) sille mei-inoar yn debat gean. De presintaasje is yn hannen fan Simone Scheffer en René Koster. Fierder is der De Stimwizer wêryn’t mei bekende Friezen stimwizers ynfolle wurde.
It politike programma It Polytburo stiet fansels ek yn it teken fan de ferkiezingen. Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 15 maart, docht Omrop Fryslân nei it sluten fan de stimbussen, live ferslach op Omropfryslan.nl en de dei dernei binne alle útslaggen en analyzes te hearren en te sjen.