Auto ramt út-boerd op A7 by ôfslach Tsjalbert
In auto is op de A7 by Tsjalbert fan de dyk rekke. De auto ramde it boerd dat de ôfslach oanjout en kaam in eintsje fierder ta stilstân. By it ûngelok is ien persoan ferwûne rekke. It is noch net dúdlik oft it om de bestjoerder of in passazjier giet.