FIDEO:Henk de Jong en Sandor van der Heide by De Graafschap

SC Cambuur spilet moandei út tsjin De Graafschap. Dêr yn Doetinchem treffe de Ljouwerters twa âlde bekenden: Henk de Jong, trainer by de klup, en sûnt koart krijt er assistinsje fan Sandor van der Heide. Op de training binne de supporters bot te sprekken oer de Fryske ynbring. "Henk is een toffe peer" en "Hij is een enthousiaste man." De Jong is wiis mei Sandor syn stipe. "Hy bringt fuotbalkwaliteit." Beide manlju sjogge út nei de komst fan de Cambuurspilers, mar se geane sels wol foar de winst.
Ien ding hie Henk de Jong al binnen in dei leard fan de Superboeren: dran. Dat bestjut sokssawat as gas jaan.