Kleasterdyk yn Wânswert ticht nei ûngelok
De Kleasterdyk yn Wânswert is freed tsjin twa oere ôfsletten. Reden is in ûngelok wêrby't twa auto's mei-elkoar yn botsing kaam binne op de krusing fan de Herjuwsmawei mei de Kleasterdyk. Neffens de plysje binne der twa minsken ferwûne rekke. Se binne nei it sikehûs brocht. Hoe lang't de dyk noch ticht bliuwt, is net bekend.