Provinsje jout hast 6 ton út oan sosjale projekten

Fjouwer sosjale projekten yn Fryslân krije yn totaal mear as 580.000 euro fan de provinsje. Dat hat deputearre Schrier freed bekend makke. 385.000 hjirfan giet nei in projekt fan frijwilligersynstelling Wellzo dat tûzen minsken mei in útkearing helpe wol. Dy minsken wurde ynset as frijwilliger foar Ljouwert 2018. Sy binne folslein frij om ja of nee te sizzen tsjin it oanbod. It City Proms festival krijt oardel ton om kwetsbere âlderein te helpen mei muzyk.
Humanitas mei mear as 33.000 euro besteegje oan help foar gesinnen dêr't de heit fan yn de finzenis sit. En der giet 15.000 euro nei in projekt om flechtlingen te keppeljen oan kwetsbere minsken as maatje.