FNV wol aksje steatssekretaris oer misstannen Sintrale As

In brêge oer de Sintrale As. © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fakbûn FNV wol dat steatssekretaris Wiebes fan Finânsjes en de belestingtsjinst yn aksje komme tsjin misstannen by it ynhieren fan izerflechters by de oanlis fan de Sintrale As. It bûn melde earder al dat de flechters net neffens de regels betelle wurde. Dat soe de haadoannimmer en dêrmei ek de provinsje as opdrachtjouwer seis ton oan kosten skeeld hawwe. De izerflechters sels soenen sa'n 1700 euro de man misrûn hawwe. Ek de Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid fynt dat der saken misgien binne.
Omdat provinsje en haadoannimmer earder ûntkenden, freget de FNV no de steatssekretaris en belestingtsjinst yn aksje te kommen.