"Trump is een olifant in de porseleinkast"

VVD-Europarlemintariër Hans van Baalen neamt it gedrach fan de Amerikaanske presidint Donald Trump 'weinig hoopvol', ek as it giet om de relaasje mei Europa. "Trump is een olifant in de porseleinkast," sa seit er. Trump is lilk op de Europeeske Uny, en benammen op Dútslân, fanwege de neffens him 'keunstmjittich lege koers fan de euro'. Dêrtroch soene Europeeske produkten te goedkeap yn Amearika op de merk komme en kinne Amerikaanske bedriuwen net goed konkurrearje mei de Dútske auto-yndustry.
Trump driget mei maatregels as Europa net gau in ein makket oan de 'ûnearlike hannel'. Mei Dútslân heart Nederlân yn Europa by de lannen mei de grutste eksport nei Amearika. Yn ferhâlding ta de befolking is de Nederlânske eksport, fan ûnder oare agraryske produkten, sels grutter as dy fan Dútslân, mar Nederlân komt oant no ta noch net foar yn de tiraden fan Trump.
Net fuortendaliks gefaar
Van Baalen ferwachtet net dat de Nederlânske eksport nei Amearika fan agraryske produkten fuortendaliks yn gefaar komt. "Trump is democratisch gekozen. Wij moeten niet tegen Trump demonstreren, maar met de man praten. Met zijn ministers van handel en buitenlandse zaken in gesprek gaan. Trump is een zakenman, en een goede zakenman wil uiteindelijk altijd een deal maken."
It oan bannen lizzen fan hannel troch ymportheffingen op te lizzen is neffens Van Baalen 'min foar de ekonomy en de wurkgelegenheid', ek foar dy fan Amearika sels. Europa moat dat Trump foarhâlde en it spul 'hurd spylje'. As Amearika mei heffingen komt, moat Europa ek heffingen op Amerikaanske produkten ynfiere. "Maar ik hoop en verwacht dat het niet zover zal komen. De Europese markt is trouwens groter dan de Amerikaanse."
Fûl debat
De maatregel fan presidint Trump om de grinzen te sluten foar alle moslims út sân lannen wie woansdei oanlieding foar in fûl debat yn it Europeesk Parlemint. Utsein ekstreem-rjochtse partijen as UKIP en PVV feroardielen alle politike partijen dy maatregel as 'diskriminearjend en ûnrjochtfeardich'. Van Baalen bliuwt lykwols diplomatyk: "Streng controleren wie je land binnenkomt begrijp ik. Dat moeten wij ook doen. Maar mensen weigeren, die al lang een verblijfsvergunning hebben, dat kun je niet maken."
Van Baalen is fan betinken dat Trump by eintsjebeslút net troch Europa en it Europeesk Parlemint, mar troch de Amerikanen sels korrizjearre wurde moat. "Ook bij de republikeinen zitten veel mensen niet op de lijn van Trump.'' Van Baalen pleitet foar de-eskalaasje as it giet om de relaasje mei Amearika, mar sjocht ek wol dat Trump sels op dit stuit net bot meiwurket. "De hoorn op de haak gooien als je een bondgenoot aan de lijn hebt als de Australische premier is natuurlijk het laatste wat je moet doen. Toch moet ook Mark Rutte een keer met Trump gaan praten."
Europeeske top
It oankommende wykein is op Malta in Europeeske top. In moaie gelegenheid foar de regearingslieders om te bepraten hoe't se mei de Amerikaanske presidint omgean sille. Trump hat sels al witte litten dat er Brexit 'geweldich' fynt en hopet dat de Europeeske Uny fierder útinoar falt. It is sa't Van Baalen sels ek al sei: de útlittingen fan Trump fan de ôfrûne wike jouwe net folle reden ta optimisme. Likegoed moatte Europa en Nederlân besykje om mei de presidint en syn ministers 'konstruktyf ' yn petear te gean. "Dat moat je altijd blijven proberen." Lês mear oer Trump en Europa yn ús Europablog.