Heal jier sel easke tsjin man út Winaam foar fertsjustering

Rjochter © Omrop Fryslân
Tsjin in man út Winaam is tongersdeitemiddei in heal jier sel easke fanwege fertsjustering. De man wie tuskenpersoan by de ferhier fan pontons. Mar sûnder dat der ferhierder it wist, ferkocht de man se troch.  De keaper fertroude it saakje net en sa kaam de saak oan it rôljen. De fertochte is al in pear kear earder feroardiele foar oplichting en fertsjustering. Doe krige er wurkstraffen.
Omdat neffens de wet no net wer in wurkstraf easke wurde mei, hinget de man in selstraf boppe de holle. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.