FIDEO: Strangere Europeeske regels foar ynhier wurknimmers

Der moatte gau 'strangere regels' komme foar it ynhieren fan East-Europeeske wurknimmers yn West-Europa. Dat wol de PvdA yn it Europeesk Parlemint. Europarlemintariër Agnes Jongerius - de eardere foarsitter fan fakbûn FNV - easket yn in offisjeel rapport 'gelyk lean foar gelyk wurk'. Yn Fryslân binne ek al in pear kear bedriuwen op de fingers tikke foar it ûnderbeteljen fan East-Europeanen. Alle oanlieding foar ferslachjouwer Onno Falkena hjir yn te dûken.
Frou Jongerius is by har ûndersyk nei it detasjearen fan East-Europeanen yn West-Europa ek in pear gefallen tsjinkaam fan 'ûnderbetelle' East-Europeanen dy't foar in neffens har fierstente leech lean oan it wurk wiene yn Fryslân. Dat barde ûnder oare yn 2015 by de oanlis fan it Escher-akwadukt yn Ljouwert, mar ferline jier barde dat ek noch by skipswerf Veka op 'e Lemmer. Dizze en oare foarbylden binne foar Agnes Jongerius oanlieding om, yn gearwurking mei de kristen-demokraten, te strjibjen nei in nije detasjearingsrjochtline. De âlde datearret fan 1996 en is folslein út de tiid.
Bedriuwen dy't dat wolle kinne no noch de âlde detasjearringsrjochtline ûntdûke troch in postbusfirma op te rjochtsjen yn Roemenië om oanslutend Roemenen foar in Roemeensk oerelean yn Nederlân oan it wurk te setten. Dat gat yn de regeljouwing moat ticht, fynt Jongerius. Nederlânske boufakkers en lassers hawwe dêr ek lest fan, want dy komme folle moeiliker oan de bak troch de ûnearlike konkurrinsje fan goedkeape krêften út East-Europa. Foar bedriuwen dy't 'earlik' wurkje mei meiwurkers út eigen streek is it boppedat dreech om te konkurrearen tsjin bedriuwen mei hiel goedkeape meiwurkers út it easten. Jongerius wol it ynhieren fan wurkkrêften út East-Europa yn alle gefallen beheine oant 6 moanne. Bedriuwen dy't langer trochwolle mei in East-Europeaan moatte dy meiwurker dan mar in kontrakt oanbiede mei in Nederlânsk CAO-lean, sa fynt de sosjaal-demokrate.
Sjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje.