Fal kostet De Vries oerwinning, Van der Geest wint

© Neeke Wassenbergh
In desepsje woansdeitemiddei foar Elma de Vries op de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee. De reedrydster fan De Haule lei oan de ein fan de wedstriid oer 200 kilometer oan kop en like de winst binnen te heljen. Mei noch ûngefear tsien meter te gean gie De Vries ûnderút en einige se úteinlik as fjirde. Lisa van der Geest profitearre fan de fal fan Elma de Vries en pakte de oerwinning op it iis fan de Weissensee.
Anne Tauber fan Oranjewâld waard twadde, foar Ankie IJtsma fan Ljouwert.
Der wiene mar tsien froulju dy't de 200 kilometer útrieden.