Crispijn Ariëns wint slitaazjeslach op Weissensee

Crispijn Ariëns hat op de Weissensee de alternative Alvestêdetocht oer 200 kilometer wûn. Yn de finale fan de lêste grutte omloop fan 25 kilometer naaide de Brabanner dy't al jierren yn Wolvegea wennet út. Twadde waard syn ploechmaat Frank Vreugdenhil út Eldersloo op in heale minút. Beide manlju sitte yn de ploech fan âld-winner Peter de Vries (winst yn 1996 en 1998).
Tredde man waard Erwin Mesu, de winner fan ferline jier. Yn de slitaazjeslach yn Eastenryk kamen ek dêrnei de reedriders ien foar ien oer de einstreek.
Fan fjouwer oant en mei tsien: Jouke Hoogveen, Bob de Vries, Jordy Harink, Rick Smit, Erwin Mesu, Peter van de Pol en Simon Schouten.
Der wiene mar 21 reedriders dy't de folsleine ôfstân fan 200 kilometer riden ha.