Kampanje om koalmonoksidefergiftiging tsjin te gean

De brânwacht, GGD en de Nederlandse Brandwonden Stichting begjinne woansdei in lanlike kampanje om te warskôgjen foar de gefaren fan koalmonokside. Lanlike sifers litte in opmerklike stiging fan dizze fergiftiging sjen. Dat hat der ek mei te krijen dat der mear bekend is oer de fergiftiging mei koalmonokside. It grutste gefaar is dat je koalmonokside net rûke en sjen kinne. De fergiftiging komt foar yn huzen, caravans, boaten en selsboude hokjes en it kin ek gebeure mei in nije cv-ynstallaasje.
Neffens de brânwacht kinne minsken it bêste in koalmonoksidemelder yn de buert fan de cv-tsjettel ynstallearje