Ynternasjonale belangstelling Joadske troufilm

De Joadske troufilm dy't twa wike lyn opdûkt is by it Fries Film Archief, krijt yntusken ynternasjonale oandacht. It Joadske parseburo JTA (Jewish Telegraph Agency) hat in grut ferhaal makke oer de film fan de brulloft fan Barend Boers en Mimi Dwinger, dy't yn 1939 yn Ljouwert trouden. De measte Joaden op de film hawwe de oarloch net oerlibbe, it pear lykwols wol nei in lange flecht troch Europa. Dat ferhaal komt no fia JTA by media oer de hele wrâld telâne. Benammen yn Israel hat de troufilm in soad belangstelling krigen.
Foar André Boers, ien fan de trije bern fan Barend en Mimi, hat de film in persoanlike betsjutting. Hy lit út Israel wei witte dat hy persoanlike rekke is troch de film. "Nei safolle jier sjoch ik bylden fan famyljeleden flak foardat se fermoarde binne troch de nazys", seit Boers. Ek by it Fries Film Archief komme reaksjes binnen fan minsken dy't mear witte oer de troufilm of sels minsken werkenne.