De jonge Belch Wout Faes nei SC Hearrenfean

De tribune yn it Abe Lenstrastadion © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
SC Hearrenfean hiert foar de rest fan it seizoen de 18-jierrige ferdigener Wout Faes fan Anderlecht. Hearrenfean socht nei fersterking yn de definsje. Wout Faes jildt as ien fan de grutste talinten fan België. Hy kin op sawol links as rjochts spylje. Faes is ek international, hy kaam al yn aksje foar België ûnder de 15, 17, 18 en 19.