Tsjom hat wer in winkeltsje, yn fersoargingshûs Martenahiem

31 jan 2017 - 12:06

Tsjom hat wer in winkeltsje om te boadskipjen. Yn de lytse supermerk yn fersoargingshûs Martenahiem binne allerhande produkten te krijen. Foar de bewenners fan it tehûs, mar ek foar de ynwenners fan it doarp. Der is wol in bakker en in slachter yn it doarp, mar gjin supermerk. It assortimint biedt in grut ferskaat en farske produkten. De bewenners fan Martenahiem binne tige wiis mei de nije winkel. De eigeners hoopje dat de doarpsbewenners ek in soad nei de winkel komme sille.

De famylje Tolsma fan Winsum hat dêr de COOP, mar wol graach de leefberens yn doarpen stypje. Dêrom ha se it winkeltsje yn Tsjom no oernaam. "Tegearre moatte we de tiid trochkomme" is it kredo fan Jetske en Siebe Tolsma. It is de tredde winkel dy't de famylje sa oernimt. Dat is dêrmei ek de lêste, want mear kinne se der net by hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)