Plysje freget help by finen scooterdieven

31 jan 2017 - 12:01

De plysje hopet mei it publisearjen fan bylden fan in bewakingskamera de stellerij fan in scooter yn Ljouwert op te lossen. Op de foto's binne de twa dieders te sjen, dy't yn novimber ferline jier de scooter meinamen út in hok oan de Ubbo Emmiusleane. Neist de scooter namen de manlju ek in mountainbike mei. Se besochten noch mear fytsen te stellen, mar krigen dêrfan it slot net los.

De bylden steane op de webside fan de plysje.

Trefwurden: 
plysje stellerij Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)