Kollum: "Wa is de rasist?"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Rasisme is de lear fan superioriteit fan it iene ras oer it oare. In rasiale groep is in groep dy’t definiearre wurdt op basis fan ras, kleur of nasjonaliteit. Soms is it goed om stil te stean by de betsjutting fan in begryp, foaral as it sa te pas en te ûnpas brûkt wurdt as rasisme.
It is de meast stomme, ûnnoazele en meast te fersmiten hâlding dy’t in minske ha kin, omdat je in wearde-oardiel útsprekke oer in oare rasiale groep. Tink derom, ik ha it hjir net oer it beneamen fan ferskillen, want dy binne der, en dy meie en moatte beneamd wurde kinne. Net ien rasiale groep is gelyk, mar se binne wol lykweardich. No hear ik jim tinken: wêrom sitsto sa heech fan de preekstoel te blazen, o tsjinner fan it Fryske folk?
Wolno, dat komt troch in aksje fan de Amerikaanske juriste Chaka Laguerra.
Sy rint staazje by it Ynternasjonaal Gerjochtshof yn De Haach en waard ôfrûne freed oanhâlden fanwegen in ferkearsoertrêding, it net meiwurkjen oan in identiteitskontrôle en ferset tsjin de plysje. Nei dat akkefytsje beskuldige se dyselde plysje op facebook fan rasisme, mei oare wurden: dat se oanhâlden wurden wie fanwege har donkere hûd. Mei de wissichheid fan kamerabylden fan it ynsidint tsjinne Paul van Musschen, de lulke korpssjef, in oanklacht tsjin de oantigingen fan Laguerra by it Ynternasjonaal Hof fan Justysje yn.
It is net de earste kear dat soks bart. Foarich jier wie der in ferlykbere sitewaasje mei de Utrechtse wykplysje Dennis Schuring. Dy spruts in frou oan dy’t in pear kear troch in read fuotgongersljocht rûn wie, en him dêrnei beskuldige fan etnysk profilearjen. Hy die syn beklach dêroer omdat dy beskuldiging him djip rekke en er dêr slim kjel fan wurden wie.
Soks is it lûken fan de rasismekaart dêr’tst dy net of amper tsjin wapenje kinst. Mei de rasismekaart krijst oandacht, krijst politike en sosjale macht, komst ûnder boetes wei en krijst meilijen. It lûken fan de rasismekaart is op it fassistyske ôf gefaarlik, omdat it útlokket en ophiset en problemen grutter makket yn stee fan lytser. De rasismekaart wurdt wollens en wittens oant yn it absurde útspile, as it no giet oer it oanpraten fan in skuldgefoel oer in fier koloniaal ferline, oer slavernij of wat ek mar.
Sok hâlden en dragen is op syn minst sa stom, sa ûnnoazel en sa te fersmiten as it rasisme sels. It makket de stimming eksplosyf en de tsjinstellings yn de maatskippij allinne mar grutter. Dat, ast no rapper of jurist bist: kappe mei dy ûnsin.
O ja, it Gerjochtshof hat ûnderwilens syn ekskuzes foar de falske beskuldigings fan Laguerra oan de plysje oanbean, en de frou yn kwestje hat har leagens fan facebook ferwidere. De fraach dy’t bliuwt nei soks is dizze: Wa is de rasist?"