Ynfojûn oer hurdfarren op Burgumer Mar goed besocht

De wurkgroep Boatfunsports dy't in 'hurdfargebiet' oan de eastkant fan de Burgumer Mar ynrjochtsje wol is tige te sprekken oer de gearkomste fan moandeitejûn. Der wienen goed 120 minsken ôfkaam op de ynrinjûn by rekreaasjepark Klein Zwitserland. In wurkgroep fan ûndernimmers en wettersporters wol it leafst noch dizze simmer grien ljocht hawwe foar it plan. De provinsje Fryslân wol hjir wol oer prate, mar stelt as betingst dat der foldwaande draachflak is yn de mienskip wêze moat.
De doarpsbelangen fan Eastermar en Jistrum-Skûlenboarch stelden fragen, lykas de wettersportferiening Tusken Mar en Leijen út Eastermar. Jistrum leit noardeastlik fan it hurdfargebiet en de ynwenners wolle graach in ûndersyk nei it lûd dat flugge motorboaten meitsje sille, sa stelt it doarpsbelang.
De provinsje Fryslân wie ek oanwêzich by de jûn en sil de resultaten fan de jûn evaluearje.