Grut ûndersyk nei brânfeiligens boppewenten yn Ljouwert

By in grutte brân op De Kelders yn Ljouwert kaam in 24-jierrige studint om it libben © ANP
Yn Ljouwert komt in grut ûndersyk nei de problemen mei brânfeiligens yn de binnenstêd. Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken dy't boppe winkels wenje yn gefal fan brân grut gefaar rinne. Brânskiedende wanden binne der hast net, reekmelders ek net, of se dogge it net, en eigeners en bewenners binne mar min op 'e hichte fan risiko's en mooglike oplossings. By in grutte brân op de Kelders kaam yn 2013 in 24-jierige studint om it libben.
De gemeenteried fan Ljouwert hat in moasje oer it ûndersyk moandeitejûn unanym oannaam.