Jurjan Mannes nije middenfjilder by SC Cambuur

© Omrop Fryslân
De kontrolearjende middenfjilder Jurjan Mannes komt per direkt oer nei SC Cambuur. Cambuur hiert de nije spiler foar de rest fan it seizoen fan FC Emmen. Dêrnei kriget er in kontrakt fan in jier, mei in opsje op noch in jier.
Mannes is 25 jier âld. Hy komt oarspronklik út de jeugdoplieding fan FC Twente wei, mar dêr hat er nea yn it earste alvetal spile. Mannes spile ek by Fortuna Sittard. Sûnt de simmer fan 2014 sit er yn Emmen.