Fûgelwachters wolle nei earste ljipaai net fierder sykje

It bûn fan Fryske fûgelwachten BFVW sil dit jier gjin ûntheffing oanfreegje foar it aaisykjen. Dat betsjut dat der no foar it tredde jier op rige net aaisocht wurde mei. Dat waard moandeitejûn dúdlik yn in ekstra ledegearkomste fan it BFVW.
De striid om it earste ljipaai bliuwt wol. De fûgelwachten wolle yn alle gemeenten in earste ljipaai sykje. Se gean allinnich yn de eigen gemeente it fjild yn, op syn letst oant 5 april. De seremoanjes foar it finen fan in earste ljipaai yn de gemeente binne bûten it fjild en beskieden.
Twa jier lyn blokkearre de Ried fan Steat de fergunning dy't de provinsje ôfjûn hie, ferline jier joech de provinsje sels gjin tastimming. It giet net goed mei de ljip en it aaisykjen soe net goed wêze foar de stân fan de ljippen.
Neffens Algra soarget de wegering fan it aaisykjen der wol foar dat der ek minder neisoargers binne. "De measten hawwe it aaisykjen as hobby en sjogge de neisoarch as harren plicht. Mar der is wol in groep dy't net oan neisoarch docht as se net aaisykjen meie."