Ljouwerters krije wurkstraf foar oerfal yn Grins

© Omrop Fryslân
In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen omdat er ferline jier yn Grins in man oerfallen hat. Hy en in twadde fertochte krigen ek in healjier selstraf, mar dy hiene se yn foararrest al útsitten. De twa oerfoelen en mishannelen it slachtoffer en makken mear as 700 euro bút. In tsjûge seach dat en werkende ien fan de fertochten. Sa koe de plysje de twa úteinlik oppakke. Njonken de selstraf en de taakstraf is it de twa Ljouwerters ek ferbean inoar wer te treffen.