Underwiisorganisaasjes Harns en Snits wolle fusearje

© Omrop Fryslân
De stichting iepenbier ûnderwiis Harns en de stichting foar iepenbier ûnderwiis Odyssee út Snits sette har plannen foar in fúzje troch. Se wurkje al sûnt ôfrûne simmer gear. Yntusken hat út ûndersyk bliken dien dat der sa'n soad oerienkomsten binne tusken beide skoalbestjoeren dat in fúzje bot foar de hân leit.
Sa kin der noch effisjinter wurke wurde en de kwaliteit kin ek ferbetterje. Beide skoalorganisaasjes ha mei elkoar 2100 learlingen en se ha 300 meiwurkers yn tsjinst.