It Garnalefabryk moat toeristyske trekpleister wurde

It Garnalefabryk by Peazens-Moddergat moat yn 2021 10.000 besikers lûke. Dat moat berikt wurde troch it fabryk it sintrum te meitsjen fan tal fan aktiviteiten oan de Waadseekust. Der is in spesjaal programma opset mei seis haadlinen: fiskerij lâns de kust, kultuer, skiednis, natuer, wetterfeiligens en lânbou lâns de kust.
It projekt is in inisjatyf fan it 'Programma naar een Rijke Waddenzee', ûnderdiel fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Doel is dat der dit jier al sa'n tritich aktiviteiten plakfine sille.
Ynspiraasjeboarne
Dizze moatte in ynspiraasjeboarne wêze foar Noard-Fryslân. It tal aktiviteiten moat yn 2021 útgroeie ta 160 yn it jier. It giet dan bygelyks om lêzings, ekskurzjes en optredens fan artysten.
It Garnalefabryk is yn 1924 boud troch garnalefiskers. Nei de Twadde Wrâldoarloch die it tsjinst as garaazje. Yn 2001 waard it fabryk rêden fan de sloophammer. Sûnt dy tiid fine der sa no en dan al lytse aktiviteiten plak. Dat wurdt no dus flink útwreide.