Tsientallen automobilisten op de bon slingere yn Ljouwert

De Ljouwerter plysje hat snein 29 boeten útdield oan automobilisten yn de stêd. Dat barde by ekstra kontrôles, yn ferbân mei de Racing Expo yn it WTC Ljouwert. Fjirtjin automobilisten krigen in boete foar te hurd riden. Se gongen allegear mear as 30 kilometer yn de oere te hurd. Ien fan harren helle op de Anne Vondelingwei (70) in snelheid fan 125 kilometer yn de oere.
Oare bekeurings waarden útdield foar net handsfree beljen achter it stjoer, gjin gurdle om, gjin APK, gjin rydbewiis en troch read ride.