Minister wol op Biltdiken fan gjin bûgjen witte

Minister Jet Bussemaker fan Kultuer sjocht gjin oanlieding om de lânbougebieten op It Bilt út te sûnderjen fan it gebiet dat as beskerme doarpsgesicht kenmerke wurdt.
Dat seit de minister yn antwurd op fragen fan de VVD. Dy partij makket him soargen oer de status fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht. Boeren dy't dêr wenje binne bang dat de beskerme status derfoar soargje sil dat se yn de bedriuwsfiering beheind wurde sille.

Beswier by Ried fan Steat

De minister seit ek dat se ree is om yn 'e mande mei gemeente en provinsje in protokol op te stellen dêr't yn dúdlik wurde moat wat de status krekt betsjut foar de Biltske boeren. Sa moatte de boerebeswieren ferdwine. Gemeente en provinsje ha oanjûn dat se dêr foarearst neat yn sjogge.
In groep Bilkerts is yn berop gien tsjin de status fan beskerme doarpsgesicht. De Ried fan Steat moat dêr noch in útspraak oer dwaan, en provinsje en gemeente wolle dat earst ôfwachtsje.