"Martin Ødegaard spile OK, mar is gjin wûnderbern"

It wie snein de tredde kear op rige dat de fuotballers fan SC Hearrenfean net winne koenen. Foarige wike ferlearen se de kompetysjewedstryd tsjin PSV mei 4-3, de bekerwedstryd tsjin AZ ferlearen se mei 1-0 en de noardlike derby tsjin FC Grins einige yn in 0-0 lykspul. Soer, seit trainer Jurgen Streppel nei ôfrin. It wie in saaie wedstriid, en dat wie net de bedoeling. "Je wilt graag mooi voetbal zien. Ik heb bij vlagen wel genoten, maar dat was meer van individuele hoogstandjes, dan van het voetbalspel zelf."
"Helaas was het vandaag niet mogelijk om tegen een compact Groningen ons beste spel te laten zien. Complimenten voor Groningen, die zo verdedigen. Goed verdedigen hoort ook bij voetbal. Maar dit is niet hoe wij willen spelen bij Heerenveen. Voetbal is gemaakt voor het publiek."
De Noarske oanfaller Martin Ødegaard stie fan de earste minút ôf yn it fjild. Dat wie yn de kompetysje net earder sa. Yn de bekerwedstryd tsjin AZ stie Ødegaard al wol yn de basis. "Je moet niet denken dat we met hem een wonderkind binnen hebben gehaald. Hij speelde OK. Bij vlagen prima. Hij moet nog wel wat wennen aan zijn teamgenoten. Hij heeft nog wel wat tijd nodig. Maar dat riep ik een paar weken geleden ook, toen hij hier kwam. Hij is jong. Krijgt alle kansen om ook fouten te maken. We gaan nog wel plezier aan hem beleven. Hij is een goede speler. Maar niemand kan het alleen."
Martin Ødegaard jildt as grut talint. Hy debutearre foar it Noarsk alvetal as jongste spiler ea yn in EK-kwalifikaasjewedstriid. Doe wie er noch mar 15 jier. Hy stiet ûnder kontrakt by Real Madrid, en spilet op hierbasis foar SC Hearrenfean. Hy is 18 jier âld.