Alma-Tadema tentoanstelling online útferkocht

Foar de tentoanstelling klassieke verleiding oer Lawrence Alma-Tadema yn it Fries Museum binne online gjin kaartsjes mear te krijen. Dit wykein is it lêste kaartsje ferkocht, sa meldt it Fries Museum op har webside.
Wol binne der oan de doar noch kaartsjes te krijen, mar minsken moatte rekken hâlde mei lange wachttiden op it drokst fan de dei. Om teloarstellingen foar te kommen ropt it museum minsken op om har yn it foar goed te ynformearjen fia de webside fan it museum en genôch tiid út te lûken foar in besite.
Neffens Deirdre Oosterhoff fan it Fries Museum ha in soad minsken wachte oant it lêste momint om de tentoanstelling te besjen, dus der wurdt yn de lêste wike noch in soad drokte ferwachte. De tentoanstelling rint oant en mei 7 febrewaris.
Oant no ta luts de tentoanstelling al mear as 100.000 minsken. Dat is boppe de ferwachting fan it museum, dat earder oanjoech mei 80.000 besikers hiel tefreden te wêzen.