Soargen oer ferkearssitewaasje by Burgumer âlden

Burgum © Google Street View
Burgumer âlden fan skoalbern meitsje har soargen oer de ferkearssitewaasje by trije basisskoallen. Troch de oanlis fan in nije rotonde komt der folle mear ferkear by de skoallen del. Op social media wurdt der in soad oer klage.
De gemeente hat al in tal ekstra maatregels naam, lykas it pleatsen fan ekstra buorden. Doarpsbelang Burgum hat ek al mei de gemeente oerlein oer de sitewaasje en ropt minsken op om der mei syn allen goed om te tinken dat de feiligens yn acht naam wurdt.
By de skoallen helpe bern fan groep 7 en 8 as ferkearsbrigadier oerstekkende bern. Troch it drokke ferkear op dit momint is dat dreger te dwaan. De sitewaasje is gaoatysker as oars en minder oersichtlik. De ferkearsproblematyk is foarlopich noch net ôfrûn. As de rotonde klear is komme der wer oare wurksumheden oan de dyk.
Erik Wietses fan Doarpsbelang Burgum seit dat de kommende wike mei de gemeente nochris in kear sjoen wurde sil nei de sitewaasje. Ek sille se sjen hoe't der mei de noch kommende wurksumheden better sjoen wurde kin nei eventuele problemen en oplossingen foar de skoallen.