UNIS Flyers op dreef tsjin GIJS Grins: 12-1 winst

Stockfoto © Martin de Jong
De iishockeyers fan UNIS Flyers wiene sneontejûn wer op dreef. Mei mar leafst 12-1 wûnen de Feansters de útwedstriid fan GIJS Grins. Yn de earste perioade wiene it Ronald Wurm (2x), Marco Postma en Rick Neef dy't soargen foar in 4-0 tuskenstân. Nei de twadde perioade stie it 8-1. Tony Demelinne (2x), Mark Hoekstra en Adam Bezak wisten te skoaren foar de Flyers, foar de Grinzers pakte Mulder ien puntsje. Yn de tredde perioade rûnen de Flyers fierder út en waard it fia goals fan Hoekstra, Demelinne, Postma en Bezak 12-1.