Feanfans stelle spandoek, supportersklup FC Grins opheft

© Webside Groningen Fanatics
De supportersklup fan FC Grins, Groningen Fanatics, hat himsels opheft. De reden foar de opheffing soe de stellerij wêze fan it spandoek fan de supportersklup, foarich wykein troch supporters fan SC Hearrenfean. "Een gevoel van trots over bijna 14 jaar Groningen Fanatics is wat bij ons overheerst. Er is voor ons echter maar één juiste beslissing bij het verliezen van het groepsdoek, ons belangrijkste bezit", sa skriuwe de Grinzer fuotbalfans op harren webside.
De plysje hat acht Hearrenfeansupporters oanhâlden foar mishanneling fan in 24-jierrige Grinzer en it stellen fan syn spandoek fan FC Grins. Se pakten mei geweld syn tas ôf, dêr't it spandoek yn siet. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne. Neffens de plysje wie it in reaksje op in eardere stellerij fan in spandoek fan SC Hearrenfean. De acht fertochten binne lid fan in supportersferiening fan SC Hearrenfean.
De opheffing fan de supportersklup Groningen Fanatics komt in dei foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Grins. It duel begjint snein om 12.30 oere yn it Abe Lenstra Stadion. Ferslachjouwer Roelof de Vries is der by foar Omrop Fryslân.