Follybalfroulju VC Snits ûnderút tsjin Set Up '65

© AWfoto
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 ferlern fan koprinner Set Up '65 yn Ootmarsum. De earste set waard fia in einspurtsje noch ferrassend wûn troch VC Snits yn 25-23, mar dêrnei gong it mis. Fia de setstannen 25-17, 25-22 en 25-17 luts Set Up '65 oan it langste ein.
Yn it klassemint stiet VC Snits no op it tredde plak mei 32 punten út 16 wedstriden, achter koprinner Set Up '65 en de nûmer twa Sliedrecht.