Bysûndere fûgel sidesturt sinjalearre yn Ljouwerter park

In bysûndere ferskining sneon yn it Julianapark yn Ljouwert: de sidesturt - oftewol de pestfûgel - is hjir sinjalearre. En dat komt net faak foar. De fûgel komt foar yn Skandinavië en Noard-Ruslân. As dêr te min fretten is yn 'e winter, komt de fûgel nei ús lân ta. De iene winter komt de fûgel hjir net, de oare kear wol. De sidesturt lûkt oan soad spotters nei it Julianapark. De sidesturt is yn novimber ek al yn Ljouwert spot.