Froulju Drachtster Boys winne mei 4-1 fan Zuidoost United

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys © Romke Visser
De sealfuotbalfroulju fan de Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 4-1 wûn fan Zuidoost United fan Amsterdam. It spul gie yn de earste helte fan de wedstriid op en del, mar beide partijen koene mar net skoare. Nei de rêst wie dat wol oars. Troch goals fan Lotte Donath, Marian Meijer en Vera Veelers stiene de Drachtsters al gau mei 4-1 foar. Dit koe it team fêsthâlde oan it einsinjaal.
Avanti ferlear yn Stiens mei 7-1 fan koprinner Pernis.