Plan foar nije dyk tusken Ljouwert en Snits

Tusken Ljouwert en Snits komt mooglik in nije dyk, dy't it plak fan de N354 ynnimme sil. De dyk moat njonken de spoarline tusken beide stêden komme te lizzen. Boargemaster Hayo Apotheker sil ynkoarten mei de provinsje prate oer de kânsen fan de dyk. De hjoeddeiske dyk tusken de Rykswei A32 en Snits telt in soad bochten dêr't regelmjittich ûngelokken op barre. Te tinken falt bygelyks oan Tsienzerbuorren by Reduzum.