Jubileum foar buertsoarch Dantumadiel: noch hieltyd groei

Buertsoarch Nederlân bestiet tsien jier en groeit as koal. De ôfdieling yn Dantumadiel is fiif jier warber, en fiert dat freed mei in feest yn Damwâld. Buertsoarch is in lytsskalige organisaasje, foar soarch oan hûs. De meiwurkers binne 'selsstjoerend' mei help fan in iPad. De organisaasje hat ien direkteur, mar fierder gjin overhead yn de foarm fan administraasje, managers mei sekretaressen en kantoargebouwen.
Kliïnten dy't de buertsoarch wat jaan wolle foar it jubileum, wurdt frege om lang hâldber iten mei de nimmen foar de Voedselbank.
"Wy hoege net sa nedich mei tsien bosken blommen nei hûs. Wy fine it belangriker om in oar te helpen", seit buertsoarchster Nynke de Vries.
Tefreden kliïnten
De klanten fan de buertsoarch yn Feanwâlden binne tige wiis mei de organisaasje. "Altyd berikber en as it nedich is binne se der samar", seit Hennie Veenstra (88). Frou Veenstra hat net folle macht yn har earms en is ek heal blyn. Se wurdt alle dagen troch in meiwurker fan de buertsoarch fan bêd helle en oanklaaid en jûns ek wer op bêd holpen. Op de jubileumdei hellet har eigen beppesizzer Nynke de Vries, dy't ek by buertsoarch wurket, har fan bêd. Nynke docht mear as oanklaaie en waskje, mar nimt ek de tiid foar in bakje tee en in praatsje.
Ankje van der Werf (79), ek fan Feanwâlden, is in pear kear fallen. Fanwege har brutsen skouder kin se no har steunhoazzen net mear sels oanlûke. Buertsoarch helpt, mar wol frou Van der Werf ek leare om dit wer sels te dwaan, sadree't se dêr wer fit genôch foar is. Ek frou Van der Werf is goed te sprekken oer de help, dy't ynskeakele waard troch de húsdokter.
Trije teams
De buertsoarch begûn yn Dantumadiel hiel lytsskalich oan de keukenstafel mei fjouwer ferpleechkundigen. Yntusken binne der trije teams aktyf yn de gemeente; Dantumadiel-East, -Súd en West. Elk team bestiet út sa'n seis ferpleechkundigen, oanfolle mei in pear opropkrêften, en is selsstjoerend. It gefolch fan dizze oanpak is dat de fêste kliïnten allinnich fertroude gesichten oer de flier krije. "Us teams moatte foaral net grutter wurde", fertelt Nynke de Vries. "Dit is moai; wy kinne de minsken, wy ha goeie kontakten mei oare helpferlieners as húsdokters, en de minsken kinne ús."
Populêr
Buertsoarch is de lêste jierren rûnom yn it lân hiel hurd groeid. Yn 2009 wiene der sa'n 180 teams warber, mar no binne dat der al hast 800. Benammen de lege overheadkosten meitsje it konsept populêr. De measte meiwurkers binne sels ek wiis mei it sels ferpartsjen fan it wurk. Ek oare organisaasjes, lykas plysje en guon banken, sjogge mei belangstelling nei de wurkwize fan Buurtzorg. Ek yn guon oare Europeeske lannen is belangstelling foar it konsept.