Kollum: ''Kleuterke Trump''

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.
''Moarn! Jo kinne jo nochris lui omdraaie, of yn slakkegong in bakje kofje sette. Jo hoege de auto net te skrabjen, of op it iiskâlde sadel sitten te gean om nei it wurk te gean. Want it is hjoed snein, gjin freed. Kwestje fan in 'alternatyf feitsje'.
We binne yn in klucht bedarre. Yn de kleuterklucht fan Donald Trump en syn konsorten. Wie it mar om te laitsjen.
Hy hat al hiel wat jammere dizze wike. As in lyts boas jonkje dat ferlern hat by it knikkerjen en dan gau syn ferlerne knikker werom pakt en fuortdraaft. Werom is hy sa boas, soene je tinke. Dizze fint hat krekt de machtichste baan fan de wrâld krigen. Trump hat sûnt syn ynauguraasje al freeslik eamele oer wat him allegearre oandien is. Te begjinnen mei dat de media gemien tsjin him dien ha by de ynauguraasje. As je de foto's en bylden fergelykje, kin elkenien dúdlik sjen dat er by de ynauguraasje fan Obama yn 2009 folle, folle mear minsken wienen. "Nee hear", stampfuotte Trump. "It kloppet echt, echt, echt net hear, de media ha it ferdraaid." Natuerlik skatsje.
It is krekt in lyts jonkje dat jûns út teloarstelling pipet: mar, mem, der wienen echt, echt, echt gjin 5 bern hear op myn feestje, mar wol 15! De foto kloppet net!
En dat syn mem dan oer syn holle aait en seit: natuerlik leave, en tinkt, lit mar efkes gewurde. Mar in goede heit en mem leare in bern wol stapke foar stapke yn te sjen dat de realiteit in skel lûd ha kin, en dat dit er by heard. En dat it foar elkenien jildt, net allinnich foar him. Dat dat it libben is. En dat er noch folle mear teloarstellingen folgje sille. En dat je net altyd je sin krije en dat dat net hinderet.
Mar we binne gjin heiten en memmen dy't oer de holle fan in teloarstelde Donald aaie kinne. Dizze presidint sit oan de knoppen fan de wrâldpolityk en syn hiele stêf giet fansels mei yn it bernegedrach. Ing fyn ik it.
Nim kampanjemanager Kellyanne Conway. Se strúnde dizze wike yn in telefyzje-ynterview foar The White House en wurde frege troch in sjoernalist wêrom de presidint der foar keazen hie om in leugen te fertellen, wylst de hiele wrâld gewoan sjen kin hoe't hy himsels foar peal set. Se ferklearre mei in strakke tandpasta-smile en drûge eagen: "Doch net sa oerdramatysk. It binne gewoan alternative feiten."
Alternative feiten? Allemachtich! Alternative feiten bestean net. Dat binne leugens. Foar dat rare gedrach hawwe wy yn it Frysk in leafdefolle, skitterjende term: sabeare. Je kinne sabeare dwaan. Dan meie je de werklikheid ferdraaie sa as je wolle. Marreh...detail: dan binne je meastentiids in jier as fjouwer. "Sille we sabeare dwaan", seinen we as lytse bern. "Dan dogge we heity en memke. Of presidintsje." Mar sels in pjutter wit wannear't hy sabeare docht. Dat er dan wol presidintsje boartet, mar it net echt is.
Ik hâld myn hart fêst mei pjutter Trump oan de macht. It kin him ommers neat skele wat wol of net wierheid is. Hy leaut yn syn eigen leugens. En as je yn leugens leauwe, kin je ek alles mar betinke wat je wolle. Ek al skansearre je minsken dermei.
Ik woe dat er in mem wie dy't leafdefol oer syn holle aait en tsjin him seit dat ferlieze hielendal net sa freeslik is, dat lige net sa ferstannich is, dat diele belangryk is, dat boartsjen moaier is mei elkoar as yn je ientsje, en dat je fan teloarstellingen in grutte fint wurde.''