Aris kânsleas ûnderút tsjin Leiden: 70-97

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne tongersdeitejûn mei 70-97 kânsleas ûnderút gien tsjin ZZ Leiden. Al nei it earste kwart seagen de Ljouwerters tsjin in grouwe achterstân fan 10 tsjin 27 oan. Leiden wie oer alle boegen better as Aris.
Yn it twadde kwart koene de Ljouwerters harren net revansearje. De ploech giet mei in tuskenstân fan 33-48 de rêst yn. Eins is it dan al wol dúdlik dat der net in protte te heljen is foar de Ljouwerters. Aris slút it tredde kwart ôf mei 50-69, om dan úteinlik út te kommen op in einskoare fan 70-97.