Genôch iepenbiere húskes yn Ljouwert

Yn Ljouwert kinne minsken mei darmproblemen goed telâne. Ljouwert stiet nammentlik op it tredde plak fan de list mei meast gastfrije húskegemeenten. Dat seit de Maag Lever Darm Stichting. Der is ien iepenbier húske per 3.000 ynwenners. Dan giet it om húskes dy't oanmeld binne by de app HogeNood. Op dy app kinne minsken sjen hokker húske it tichtst yn 'e buert is.
Mear toiletten
De gemeente Zwolle stiet ûnderoan op de list. Dêr moatte 14.000 minsken ien iepenbier húske diele. De gemeente Amsterdam stiet op nûmer ien. Dêr is der ien iepenbier húske foar 2.942 minsken. Pasjinteferieningen wolle graach dat der mear iepenbiere toiletten komme. It bart noch te faak dat minsken mei bygelyks in stoma of prostaatproblemen net nei it húske meie as se dat freegje yn in winkel of hoarekagelegenheid, sizze se.
Wetjouwing
De pasjinteferieningen wolle dat der bettere wetjouwing komt op it mêd fan iepenbiere húskes. Guon lannen, lykas Australië en Nij-Seelân, hawwe in minimum steld. Mar yn Nederlân stiet it net yn de wet.