Kollum: ''Troch it iis''

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
''Net ien wit wa’t se makket, mar de ôfrûne moannen stiennen der muorreskilderingen op huzen yn Brussel, ynienen. Rare skilderingen binne it. In pear moanne lyn in grutte penis en in anus. En dizze wike wienne der ûnferwachts keunstwurken mei in onthoofding en in lyk dat ûnderstboppe hinget. Bluodderige scenes…
‘Een lichaam dat aan de voeten gebonden is, aan een touw. Op z’n kop, naar beneden hangend. De ingewanden lijken er uitgesneden te zijn. Een bebloed hoofd zie je, het bloed druipt er vanaf.’
Ja, NOS-korrespondint Joris van Poppel docht syn bêst it te omskriuwen, mar we heare dat er it mar hielendal neat fynt. De skilderingen steane op priveehuzen, dus de oerheid kin se net samar fuort helje.
It is trouwens net samar wat graffity. Der is echt wurk fan makke. It binne fragminten út bekende skilderijen: it bluodderige lyk is in fragmint fan ‘De Lijken van de Gebroeders De Witt’, dat yn it Rijksmuseum hinget, en it mes mei de holle is fan Caravaggio: ‘Het offeren van Izak’. Te sjen yn in museum yn Florence. Twa santjinde-iuwske keunstwurken.
Doe’t ik it op de radio hearde, tocht ik earst oan in oprop ta terrorisme of sokssawat. Ik wie de iennige net…
‘Ook hier recht tegenover: Molenbeek, waar jihadi’s zijn vertrokken. Is het geen oproep tot geweld misschien?’
Hoe dan ek: by de Brusselaren libbet no de fraach: moatte we dit sjen. Wolle we dit sjen. Samar, bûten, net yn in museum.
‘Sommige mensen zeggen mij: als ik kunst wil zien ga ik naar een museum, of, ik wil niet mijn jonge dochtertje hier mee confronteren. Ja, we kunnen niet op alle muren posters van Disneyland zetten natuurlijk.’
De Vlaamse minister fan kultuer fynt dat dit gewoan te sjen bliuwe moat.
‘Maar wat is dan het volgende? Ga je dan ook Manneke Pis een pamper om doen, omdat mensen zijn piemeltje niet willen zien?’
Wat wolle we sjen. Nijsgjirrige fraach. Dy’t my noch folle lûder troch myn holle klonk, doe’t ik dit hearde.
‘Het zal je maar overkomen dat je zo’n bericht krijgt, dat je kind niet meer thuis komt. Een enorme impact voor het gezin, voor de directe omgeving. En ja dan stuit het me echt tegen de borst, als ik geïnformeerd word dat er opnames van het ongeluk rondgaan op social media.’
Dit is de boargemaster fan Almelo. Dêr is moandei in jonge fan sechtjin ferûngelokke. Foar alle belutsenen in freeslik drama. Mar it waard dus noch slimmer, om’t der foto’s en filmkes makke binne fan it ûngelok.
‘Ja, ik heb wel een foto binnen gekregen. Ik vond het wel heel verschrikkelijk. [verslaggever: Wat zag je daar op?] Heel veel bloed. Ja gewoon beelden die je eigenlijk liever niet wil zien.’
Ik probearje my even yn te tinken wêr’t je ferstân is wannear't je even filmje hoe’t in 16-jierrige jonge op it kâlde asfalt fan Almelo oan it dea gean is.
‘Ongetwijfeld vanuit een soort sensatiedrift, een sensatiezucht. Maar ze gaan voorbij aan eigenlijk hele normale regels van fatsoen en een gevoel van medeleven met de mensen die nu heel veel verdriet hebben.’
En ik probearje my even yn te tinken wêr’t je ferstân is wannear je sa’n filmke krije, en dat dan trochstjoere oan oaren.
It giet hurd mei de technyk, en ús telefoantsjes kinne mear as we sels begripe kinne. Ik hoopje dat we op it stuit yn in tiidrek libje dat we letter ôfdogge as ‘the awkward period’: de perioade wêryn’t we noch net sa goed ried wisten mei nije technyk.
Doch my foarearst leaver mar wat fan dy muorreskilderingen. En fan jonges fan sechtjin wol ik heechút filmkes sjen fan hoe’t se troch it iis sakje.''